07-03-2024

 

Awrinne freed wyne wy te gast by de Omrop.

Sjoch hjirre werom.

 

 

29-12-2023

 

Op snein 28 jannewaris (15:30) spylje wy foar it earst `SYKLUS` foar publyk. Wy hoopje dat d'r nei dizze earste noch in soad folgje mar foar no hoopje wy dat jimme by dy earste binne.

 

     Yntree Fergees. Fol is Fol.

 

 

 

06-12-2023

Hjir in impressie fan ùs optreden fan sneontejoen.

15-10-2023
Wy mochten even buurten my Janneke Brakels en de rest by Liet23!

26-12-2022
 
‘De Gouden Swipe’ Stiet no online op al jimme favo streamingtsjinsten.
14-12-2022
 
Dit is Henk,
Henk hat 'De Swipe' wer werom nei de Jouwer krigen. Der mocht hy graach oer fertelle mar fierder koe ik him eins net sa goed.
Of bin ik him ferjitten?
It ferske 'De Gouden Swipe' komt nije wike online en is in ûnderdiel fan 'SYKLUS'. 
'SYKLUS' is in muzykale libbensreis  besteande út 13 nagelnije ferskes fan de band Mosken dat 2023 ferskinen sil..
Sawol as album as op de bühne. 

04-05-2021

 

Freed o.s releasen wy 'Leave Lieve' op al jim favorite streaming tsjinsten.

 

 

 

 

04-04-21

 

Wy hawwe wún!!!

 

 

Foto:Nico Boersma

 

 

02-04-21

 

Moarn is it safier!

LIET20!

Skakelje jimme ek yn?

OMROPLINK!!!

 

12-01-21

 

Op dit stuit binne wy drok dwaande mei it skriuwen fan nij materiaal.

 

Ferskes oer dy,

 

ferskes oer my,

 

ferskes oer ùs....

 

Ja, dat is it... ferskes oer ús.

 

Dat we se ynkoarten mar  wer gauw foar jimme spylje maaie.

 

Dat soe moai wèze...

 

 

 

Bert en Sjoerd

 

 

 

 

18-10-20

Wy stean yn de finale fan liet 2020.

Wannear dat weze sil dat is noch even ôfwachtsje.

 

11-11-18

Mosken on Spotify!

ynklusyf twa "nije" ferskes.

19-10-2018

 

Sneintejûn 11 novimber spylje wy yn de foyer fan de Harmony yn Ljouwert wilens it Noordelijk Filmfestival.

Wy spylje om 19:30 mar kom gerêst earder want d'r binne bulten moaie films te besjen. 

Nijsgjirrich?  KLIK!!!!


âldere berjochten

 

15-09-2018

 

Hoppa! Nei al it 'Tommy' geweld nije wike nei Wommels foar it legendaryske Greidhoekfestival.

Showtime:17:00!!

 

 

 

19-07-2018

 

 

Op útnoeging fan  Lân fan taal spylje wy yn Talepaviljoen MeM (Prinsetún yn Ljouwert). Dit sil plakfine yn  op tongersdeitejûn 26 july. De Galisyske wike  is yn gearwurking mei María Lado út Galisië.

foar mear ynfo: Lân fan taal

 

 

 

 

 

 

25-03-2018

 

Op útnoeging fan  Lân fan taal spylje wy yn Talepaviljoen MeM (Prinsetún yn Ljouwert). Dit sil plakfine yn de Drintske wike op tongersdei 10 maaie en yn de Galisyske wike op tongersdeitejûn 26 july. Yn de Galisyske wike  yn gearwurking mei María Lado út Galisië en yn de Drintske wike dielen wy it poadium mei Margaretha Kleine.

foar mear ynfo: Lân fan taal

11-01-2018

 

Snein 21 Jannewaris spylje wy op it Cultuurklankfestival op it Hearrefean.

Wy spylje om 12:00 middeis.

Fan no ôf  oan sprekke wy dan ek fan in 'Lunchconcert'.

#krokettenenkoffie

 

 

 

01-11-2017

 

Snein 17 desimber spylje wy op it Freezefestival te Ljouwert.

En it sjocht d'r nei ut dat wy net allinnich op it poadium stean.

#wewantmore #trommelseninkoar

 

 

 

 

30-05-17

 

Op sneintemiddei 16 juli spylje wy

op de twadde edysje fan it Frysk en

streektalich festival 'Frysk op Riis'.

Komme jimme ek? Ja?

Krekt wat.

 

 

 

 

29-04-2017

 

 Hjirre ús Mosken nêst wêr wy drok dwaande binne mei nij materiaal.   

@8501 INDIE #DEJOUWER

 

 

 

 

 25-3-2017

 

Op freedtemidei 14 april spylje wy

in pear ferskes by 'Noarderwyn live' by de Omrop.

Kinne wy alfêst wat yn de stimming komme foar Aaipop.

 

 

 

 

 

 

 

 

02-02-17

 

 

 

In Mosk leit wol ris in aai.

Mar nou lit een aai in Mosk.

Yn de war? Hjir mar ffkes lêzen.

Oant Aaipop!

 

30-12-16

Wolkom op de side fan 'Mosken'.

Tenei mear.