Mosken bestiet út Bert Steeman en Sjoerd van Kammen. Beide muzikanten út u.o. Brückenbauer en (foarhinne) Garments. Bert komt fan 'e Jouwer en Sjoerd fan Ljouwert. Der dogge somstyden oare muzikanten mei, dat is wat wikseljend.

De ôfrûne moannen is Mosken drok dwaande west mei it skriuwen fan muzyk: Sjoerd de muzyk en Bert de ferhalen. En der sit noch in soad yn it fêt. De eigensinnige manier fan sjongen fan Bert Steeman, begelied troch dan wer piano, dan wer ukelele of gitaar, soarchet foar in ferskaad oan sfearen wêr Mosken it publyk yn mei nimme wol. It leste heal ier is Mosken mei Ronald van de Oudenalder as bassist geregeld op paad as trio.

 

Yn 2021 wûn it selskip yn dy gearstelling de sjuerypriis wilens de jongste edysje fan it Fryske ferskes festival ‘liet’ mei hun ferske ‘Leave Lieve’.